Oentsjerkster botst trije kear

29 sep 2009 - 10:25

In 27-jierrige Oentsjerkster is moandei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok yn Burgum. De auto lei op de kop oan de Elingsloane. De bestjoerder wie der al út klommen. Ut ûndersyk die bliken dat de man earder al yn Quatrebras tsjin in oanhingwein oanriden wie. Op de dyk nei Burgum rekke er noch in oare auto en úteinlik rekke er op de Elingsloane fan de dyk.

De plysje hat de man in bloedproef ôfnaam, omdat er wierskynlik ûnder ynfloed wie fan drugs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)