Snelheidskontrôles yn Wymbrits

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn Wymbritseradiel op trije plakken it ferkear op snelheid kontrolearre, omdat omwenners klagen oer hurdriders. De kontrôles wiene op de Ald Skatting by Heech, de Rigedyk yn Aldegea en de Legedyk yn Skearnegoutum.
De plysje kontrolearre mear as 600 bestjoerders en dêrfan rieden 44 te hurd. De grutste oertreder kaam oer de Ald Skatting. Hy ried dêr 135 kilometer yn de oere. Tachtich is dêr it maksimum.