Wer ferlies jong Hearrenfean

28 sep 2009 - 21:48

Jong Hearrenfean/Emmen hat ek de fjirde wedstriid yn de kompetysje ferlern. Jong Vitesse/AGOVV wie op Sportpark Skoatterwâld mei 3-0 fierste sterk. De thúsploech spile net goed. It like wol as spilen de Feansters foar it earst meielkoar.

Jong Vitesse/AGOVV kaam nei tsien minuten op foarsprong. It duorre oant de 80ste minút doe foel de 0-2. Krekt foar tiid waard it 3-0 foar jong Vitesse/AGOVV. Jong Hearrenfean/Emmen bliuwt lêste yn de kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)