Marsum krijt in doarpsplein

© Omrop Fryslân
It doarp Marsum krijt in eigen doarpsplein. It plein is in inisjatyf fan alle ferienings fan it doarp en moat oanslute by it multyfunksjoneel sintrum dat der ek komt. Op it plein kinne dan ferskate doarpsaktiviteiten hâlden wurde.
Op it plak dêr't it komme moat, wiene de ôfrûne jierren faak problemen mei wetteroerlêst. Om dat oan te pakken moast it plak folslein op 'e skeppe. De ferienings kamen mei it plan om der dan fuort in plein fan te meitsjen.