Winst Deensk-Fryske partij

28 sep 2009 - 14:39

De partij fan de Deenske en Fryske minderheden yn Sleeswyk-Holstein (SSW) is by de dielsteatferkiezings yn Dútslân fan twa nei fjouwer sitten gien. Anke Spoorendonk fan de SSW joech earder oan ree te wêzen regearingsferantwurdlikheid te dragen.

Lykwols, de CDU is nei de spannende ferkiezings yn Sleeswyk-Holstein de grutste partij bleaun, en hat no genôch sitten om mei de FDP te regearen. De SPD ferlear lykas oeral yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)