Jongereingebou Huzum wer klear

28 sep 2009 - 14:27

De jeugd fan it Huis voor Jongeren yn Ljouwert kin dizze wike wer nei it it eigen gebou oan 'e Huzumerleane. Yn febrewaris waard it gebou troch in brân foar in part ûnbewenber. Tocht waard doe dat de jeugd der mei in pear wike wol wer yn koe, mar it hat úteinlik njoggen moanne duorre foardat it safier is.

Nei de brân is it gebou opnij ferboud. Der is no plak foar tweintich jongeren. Foar de brân koene der sechsyjin jongeren opfongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)