Boarstbyld foar Jan Riedstra

It boarstbyld fan Riedstra komt yn it Cambuurstadion
Yn it Cambuurstadion komt in boarstbyld fan Jan_Riedstra te stean. Doel is dat it byld foar de winterstop klear is. As plak is keazen foar de hal by de yngong fan it stadion.
Sakeman Jan_Riedstra dy´t yn maaie ferstoar, hat in protte dien foar Cambuur. Ein jierren njoggentich wie er fize-foarsitter. Fierder wie er faak behelle by transfers en joech er advys oer allerhanne saken. It byld wurdt oanbean troch âld-Cambuurkeeper en ondernimmer Bertus Holkema.