Nij faksin pneumokok-baktearje

28 sep 2009 - 11:43

Goed tûzen Fryske 65-plussers dogge de kommende moannen mei oan in lanlik ûndersyk nei in nije faksinaasje tsjin de pneumokok-baktearje. Benammen lytse bern en âlderein binne dêr gefoelich foar en kinne der longûntstekking fan krije.

Foar bern is der al langere tiid in faksin, mar dat wurket net foar âlderen. It ûndersyk dat moandei út ein set is moat útwize oft dit nije faksin wol wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)