Reorganisaasje ambulânsesoarch

28 sep 2009 - 09:30

It Antonius Sikehûs fan Snits en it Universitêr sikehûs fan Grins hawwe plannen om mei yngong fan 1 jannewaris 2011 alle ambulânsesoarch yn Fryslân en de waadeilannen te fersoargjen.

Beide sikehuzen presintearje tiisdei de plannen foar dy nije organisaasje. Dan meitsje se ek bekend hoe't se yn de takomst de soarch oan de minsken yn de regio noch better meitsje wolle en hoe't de meiwurkers har better ûntjaan kinne binnen de organisaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)