Pompeblêden ek op holdoekje

28 sep 2009 - 08:24

Dizze wike wurdt de earste Fryske holdoek presintearre. Moslima Fadwa Kartoubi krijt de primeur mei in holdoek mei de Fryske flagge as motyf. Sy sjocht de holdoek as in teken fan yntegraasje nei beide kanten. It inisjatyf foar de Fryske-flagge-holdoel is ûntstien op Twitter.

Neffens de inisjatyfnimmers sil dizze ûngedwongen wize fan yntegraasje net allinnich soargje foar in soad wille, mar ek foar it noadige begryp en respekt foar elkoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)