De Jonge wist net fan C2000

Yn Thialf wurket C2000 ek net goed
Boargemaster De Jonge fan It Fean wie net op de hichte fan it nijs dat C2000, it kommunikaasjesysteem fan de helptsjinsten amper funksjonearret. Yn it tv-programma Zembla waard snein in list fan it ministearje fan Binnenlânske Saken bekend makke dêr't dat út bliken die.
It betsjut dat by in ramp de kommunikaasje tusken de helptsjinsten net optimaal is. Ek op de Waadsee en de Iselmar binne problemen.