Motorrider omkommen by Winsum

It plak fan it ûngelok (foto 112groningen)
In 29-jierrige motorrider út Sweagerbosk is snein yn it Grinzer Winsum ferûngelokke. De man ried mei in groep freonen op de motor oer de Garnwerderweg, doe't er begûn te slingerjen. In 70-jierrige bestjoerder fan in auto út Aldskoat dy't út de oare rjochting kaam koe de motorrider net mear ûntwike. Se botsten frontaal op elkoar.
Omstanners hawwe noch besocht de motorrider te reanimearjen, mar dat is net slagge.