Jeugdturners skoare goed

27 sep 2009 - 17:17

De jeugdturners fan Hearrenfean ha it ôfrûne wykein tige goed prestearre by de GWG cup 2009 yn Cottbus yn Dútslân. It is it grutste ynternasjonale jeugd- en junioaretoernoai fan Europa. Der diene 30 teams út 19 ferskate lannen oan mei.

De mearkampresultaten wiene prachtich. Justin Zuidema waard twad mei 75,20, Kevin Kootstra tred mei 74,30 (nij mearkamp PR) en Rick Jacobs fjird mei 72,95. Bryan van Tienderen waard mei 64,60 tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)