Hearrenfean wint fan Sparta

27 sep 2009 - 16:45

SC Hearrenfean pakte snein syn twadde oerwinning fan dit seizoen. Op Het Kasteel yn Rotterdam waard mei 2-0 wûn fan Sparta. Flak foar it skoft wie it Paulo Henrique dy't de Feansters op in 1-0 foarsprong sette.

Yn de twadde helte sette Viktor Elm fia in penalty de stân op 2-0. Benammen Paulo Henrique krige nei de 2-0 in protte kânsen, mar hy krige de bal der mar net yn. Hearrenfean stiet no op in sechtjinde plak mei sân punten út acht wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)