Ljouwert: elektrysk proefride

27 sep 2009 - 09:17

Yn Ljouwert kin elk snein yn de kunde komme mei elektrysk ferfier. Dan is op it Aldehoustertsjerkhôf de Grootste Opstapdag. Minsken kinne in fergese proefrit meitsje mei in elektryske skooter, auto of fyts. Doel is om it elektrysk ferfier sa in flinke ympuls te jaan.

Ljouwert wol foarop rinne mei dit miljeufreonlike ferfier en is fan doel om bygelyks oplaadpunten foar elektryske auto's, skooters en fytsen del te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)