'Thialf probleem foar C2000'

27 sep 2009 - 08:51

It C2000-systeem foar de helptsjinsten hat gjin berik yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat docht bliken út ûndersyk fan it tv-programma Zembla, dat snein útstjoerd wurdt.

Zembla frege de 25 feilichheidsregio's nei it funksjonearjen fan it systeem. Dêr kaam út nei foaren dat op in soad plakken yn Nederlân it C2000-systeem sa'n min berik hat, dat helptsjinsten yn it gefal fan in ramp net of net goed mei elkoar kommunisearje kinne. Yn Fryslân is dat ek sa op it Waad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)