Ferlies Hajé Flyers

De iishockeyers fan de Hajé Flyers ha sneontejûn de earste wedstriid fan de bekerkompetysje mei 3-2 ferlern fan de Destil Trappers Tilburch. Op it iis fan Thialf wûn Tilburch de earste perioade mei 1-0, wylst de Flyers better wiene. Andrey Levitin makke yn de twadde perioade de lykmakker, mar daliks dêrnei kamen de gasten wer op foarsprong.
Yn de tredde perioade kaam Tilburch op 3-1. Michael Nason die foar de Flyers noch wat werom, mar dêr bleau it by.