Froulju Snits winne fan Taurus

© Omrop Fryslân
De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn de iepeningswedstriid fan de kompetysje yn de B-league mei 3-2 wûn. Tsjinstanner Taurus út Houten wûn yn de Snitser sporthal de earste set mei 25-20. Snits pakte de twadde mei 25-15. Beide ploegen pakten dêrnei in set mei 25-16.
De thúsploech fan coach Derk de Saegher pakte de winst yn dizze follybaltriller. De fiifde set waard mei 15-13 wûn.