Spekriderij yn Nijhoarne

It is bûten noch hast 20 graden, mar dochs wie der sneon in spekriderij. Op de Flayelfeesten yn Ald- en Nijhoarne namen âld-reedrydcracks Rintje Ritsma en Falko Zandstra it tsjinelkoar op, op keunstiis.
De ynset wie in stik spek, lykas it eartiids gong. Der wiene twa ritten. Falko Zandstra wie de winner. Yn de twadde rit makke Rintje Ritsma in misslachje, mar ek foar de nûmer twa wie der in dik stik spek.