V.d. Lelie en Kramer winne

De Jouster merkerin oer tsien kilometer is sneon wûn troch Rudi van der Lelie en Mariska Kramer. De Jobbegeaster Van der Lelie kaam as earste oer de streek yn in tiid fan 33 minuten en 10 sekonden. Twad waard Louis Pearson fan Emmeloard. It brûns gong nei Riekele Kobus fan Nij Beets.
By de froulju kaam Mariska Kramer as earste oer de streek yn 36 minuten en 22 sekonden. Ylona Kruis út Ysbrechtum pakte it sulver op trije minuten en 25 sekonden fan de winner.