'Gjin oarloch Doeksen en EVT'

26 sep 2009 - 16:21

Der is gjin sprake fan in fearboate-oarloch tusken rederij Doeksen en de Eigen Veerdienst Terschelling. Dat sizze de twa konkurrearjende rederijen op de rûte Harns-Skylge. Likegoed is der wol in langslepend juridysk konflikt tusken Doeksen en de EVT.

It regear moat noch beslute oft de feartsjinsten ûnder de frije merk falle, dêr't de EVT fanút giet, of dat der konsesjewetjouwing is, wêrby't allinnich Doeksen reizgers ferfiere mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)