Cambuur-gala útferkocht

© Omrop Fryslân
It Cambuur-gala dat sneontejûn holden wurdt yn it WTC Expo yn Ljouwert, is útferkocht. De fjirtich beskikbere tafels wiene rap útferkocht. Der wurdt in feiling holden fan ferskate saken. De opbringst giet nei de stifting KiKa (Kinderen Kankervrij) en de jeugdoplieding fan SC Cambuur.
Ien fan de opfallendste feilingartikels is in sinjearre fuotbal út 1965, wêrmei't Cambuur de 4-1 oerwinning op SC Hearrenfean helle. Ek wurde der sinjearre shirts feild.