Riedster mishannelet froulju

26 sep 2009 - 14:19

De plysje hat yn de Ahornstrjitte yn Ljouwert in 47-jierrige Riedster oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in 23-jierrige frou út Ljouwert. Nei in stapjûn hie de man oanbean de frou en har suster thús te bringen.

Doe't se thús wiene waard de man ferfelend en sloech er de frou, dy't troch de klap út de tiid rekke. Har suster skeakele de helptsjinsten en de plysje yn, dy't de man foar it hús oanhâlde koene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)