Flaters yn oanbesteging NHL

25 sep 2009 - 20:43

De NHL yn Ljouwert moat opnij sykje nei in leveransier fan skoalmeubilêr. De foarsjenningerjochter hat de oanbesteging ûnjildich ferklearre. Trije partijen hiene ynskreaun: Gispen, Arend en Drentea.

De NHL gunde Gispen de opdracht. Drentea wie it der net mei iens en stapte nei de rjochter. Dy fynt dat de offerte fan Drentea terjochte ôfwiisd is, mar dat dy fan Gispen net folslein wie en dus ek net jildich. Der moat no in nije proseduere komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)