Jouster Merke rêstich ferrûn

25 sep 2009 - 16:59

De Jouster Merke is dit jier rêstich ferrûn. Neffens de plysje hat it in moai feestje west. Der kamen dit jier tusken de 30 en 35.000 minsken nei De Jouwer om merke te fieren. Uteinlik hat de plysje twa minsken oanhâlden.

De plysje hie der foar keazen om der koart op te sitten en die dat ûnder oare mei plysjes op mountainbikes. De plysjes wiene sa tusken de minsken en eventuele problemen koene fuortendaliks oanpakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)