Grouster mûnen wer iepen

De fernielde Haensmûne in pear jier ferlyn
De Grouster Haensmûne en Borgmûne binne fan freed ôf wer offisjeel iepen. De Haensmûne is in pear jier lyn folslein fernield nei't er rekke waard troch in binnenfeartskip. Beide mûnen binne hielendal restearearre en hawwe wer in funksje krigen.
De kosten binne foar in grut part troch it Ryk betelle om't de mûnen by kalamiteiten in mealfunksje krigen ha. Mar om mealle te kinnen, moasten se beide op in oar plak op it Grouster eilân De Burd delset wurde.