Harns wol mear frachtskippen

De haven fan Harns moat mear frachtskippen lûke
De haven fan Harns wol flink groeie troch in part fan it kontenerferfier út Amsterdam en Rotterdam nei Fryslân te heljen. Beide grutte havens hawwe in soad problemen by de ôffier fan de konteners. Dat giet oer de dyk, mar de frachtauto's komme faak yn de file.
Harns wol no besykje dat ferfier oer te nimmen en de konteners fia de Iselmar nei Fryslân te bringen. Dêrnei soene se fia Ljouwert en It Fean fierder ferfierd wurde kinne oer it wetter nei bygelyks Dútslân.