Famkes ferwûne nei botsing

25 sep 2009 - 11:52

Twa famkes fan 16 jier fan It Hearrenfean binne tongersdei op 'e Jouwer ferwûne rekke doe't se mei harren bromscooter op in frachtwein botsten. De 40-jierrige bestjoerder út Aldeholtpea joech gjin foarrang oan de famkes op it fytspaad doe't er rjochtsôf sloech.

De famkes botsten mei har scooters op de frachtwein en foelen dêrby op strjitte. Se waarde mei de ambulânse nei it sikehûs op It Fean oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)