Boeren EDB leverje wer molke
De melkfeehâlders fan de European Dairyman Board sille wer gewoan molke leverje oan it fabryk. De boeren hawwe dêrta besletten om't der op 5 oktober in bûtengewoane sitting fan EU lânbouministers is. Der sil praat wurde oer de molkekrisis op de merk.
De Frânske presidint Sarkozy, de Dútske Bûnskanselier Merkel en EU foarsitter Barossa sille dêr ek by oanwêzich wêze. Oare aksjes om oandacht te freegjen geane noch wol gewoan troch.