Earkes by hurdfytsen ferbean

Lieuwe Westra is net wiis mei it ferbod
De earkes yn it hurdfytsen wurde ferbean. Dat hat de ynternasjonale Wielerunie bekend makke. Ploechlieders kinne mei de earkes kontakt hâlde mei de hurdfytsers. De krityk dêrop is dat de koers sa tefolle beynfloede wurdt.
As je de earkes ôfskaffe dan soene de koersen spannender wurde. Mar de measte profesjonele hurdfytsers binne it dêr nei mei iens. De earkes binne neffens har fan grut belang foar de feiligens op de dyk.