Azc yn Dokkum stiet leech

© Omrop Fryslân
It asylsikerssintrum yn Dokkum stiet no al leech. Offisjeel moat it sintrum pas op 1 oktober ferlitten wêze, mar alle goed twahûndert bewenners hawwe al oar plak krigen. In grutte groep is oerpleatst nei it azc yn Drachten.
De sluting fan it asylsikerssintrum yn Dokkum is meardere kearen útsteld om ferskate redenen. Der is al in begjin makke mei de sloop fan it sintrum. It is noch net dúdlik wat der op it terrein komme sil.