Lotsje om boukavel

24 sep 2009 - 20:14

By hege útsûndering moast tongersdei yn Hurdegaryp wer lotte wurde foar de útjefte fan boukavels. Der wie foar de plakken yn Plan Súd folle mear belangstelling as yn it foar tocht. Goed tweintich gadingmakkers woene ien fan 'e sechtjin beskikbere kavels ha.

Yn it ferline wie dat gewoan. Sûnt de krisis bliuwe der faak kavels leech. De gemeente, dy't de grûn ferlotte, hâldt wol rekken mei de krisis. Sa krije de minsken langer de tiid om de finansiering klear te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)