Dûmny wol skeafergoeding

© Omrop Fryslân
De dûmny dy't ûnterjochte ferfolge waard foar ûntucht wol in skeafergoeding as er frijsprutsen wurdt. It Iepenbier Ministearje erkende woansdei by de sitting dat der flaters makke binne by it ûndersyk en easke frijspraak.
De dûmny dy't foargie yn Blije waard fertocht fan it misbrûken fan syn nichtsje. By it ferhear fan it famke binne ferkearde metoades brûkt. Ek is net dúdlik oft sy har it misbrûk echt herinnert of dat it har oanpraat is.