Beammen Belvedêre fuorthelle

Steatsboskbehear is mei in grutte operaasje dwaande om de bosk by museum Belvedére yn Oranjewâld nij libben yn te blazen. Hast de helte fan de beammen yn it park binne fuorthelle omdat se deagien binne. De grûn dêr't de beammen yn stean is by de oanlis, seis jier ferlyn, te rap ophege. De woartels krije net genôch soerstof yn 'e feangrûn. De grûn wurdt no omdold troch in kraan sadat der foar de simmer nije beammen plante wurde kinne.