Minder boufergunnings ôfjûn

(argyffoto)
Yn Fryslân is yn 'e earste helte fan dit jier foar goed 730 huzen in gemeentlike boufergunning ôfjûn. Dat is 48 prosint minder as yn deselde perioade yn 2008. Doe gie it om goed 1400 boufergunnings foar nije wenten. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS.
Yn Drinte wie de daling mei 52 prosint it heechst, Fryslân komt op it twadde plak. Yn Grinslân binne mar 6 prosint minder boufergunnings ferliend.