Popronde docht Ljouwert oan

24 sep 2009 - 16:31

It festival De Popronde docht op 23 oktober Ljouwert oan. It is in reizgjend festival mei as doel begjinnende band omtinken te jaan. Guon artysten lykas Sabrina Starke en de band Racoon binne mei help fan De Popronde trochbrutsen by it grutte publyk.

Der dogge gjin Fryske bands mei yn Ljouwert. Dat mei net fan 'e organisaasje. It is de bedoeling dat de bands benammen bûten de eigen provinsje optrede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)