Games ûntwikkelje op It Amelân

24 sep 2009 - 16:23

Studinten fan 'e Noardlike Hegeskoalle Ljouwert sûnderje har dizze dagen op It Amelân ôf om nije kompjûterspultsjes te betinken. It giet om in frij grutte groep fan oer de hûndert studinten.

De NHL-studinten hoopje úteinlik in baan te finen yn 'e game-yndustry. Talinten dy't trochbrekke, kinne mei har hobby miljoenen fertsjinje. De oplieding ta ûntwerper fan kompjûtergames by de NHL is tige populêr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)