Beekmans en Guijt wer fit

24 sep 2009 - 14:51

Cambuur kin freed yn 'e wedstriid tsjin RBC beskikke oer de middenfjilders Paul Beekmans en Danny Guijt. Beiden dienen tiisdei yn de ferlerne bekerwedstriid tsjin jong De Graafschap net mei fanwege blessueres. Oguzhan Türk is no ek fit genôch om mei te spyljen. Hy trainde tongersdei net mei, mar is freed wol ynsetber. De krekt oanlutsen ferdigener Jos van Nieuwstadt kin noch net meidwaan.

As Cambuur wint fan RBC, stean de Ljouwerters boppeoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)