Skoalplein gjin lûdsoerlêst

24 sep 2009 - 12:07

Razende bern op skoalpleinen jilde tenei net mear as lûdsoerlêst. Fan 1 jannewaris ôf hawwe offisjele klachten dêroer gjin sin mear. Dat hat minister Cramer fan Miljeu bekend makke.

Foar skoallen en bernedeiferbliuwen dêr't gjin gebouwen by yn 'e buert stean, telde razen al net mei as lûdsoerlêst. Op fersyk fan 'e Twadde Keamer jildt dit no ek foar dy mei wol gebouwen yn 'e buert. Under lestiid moat it stil wêze. Legaal raze mei tenei in oere foar en nei skoaltiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)