Dûmny ûnterjochte ferfolge

24 sep 2009 - 11:59

It Iepenbier Ministearje hat in eardere dûmny ûnterjochte ferfolge foar ûntucht. Dat docht bliken út eigen ûndersyk. De man wurdt fertocht fan misbrûk fan syn nichtsje doe't er yn Blije en Emmen wenne.

Der binne ferkearde ferhearmetoades brûkt. Fierders is it ûndúdlik oft it mooglike slachtoffer har it misbrûk echt herinnert of dat it har oanpraat is. It IM hat no om frijspraak frege. Oer twa wike docht de rjochtbank útspraak yn 'e saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)