Lûdsoerlêst A7 net oanpakt

© Omrop Fryslân
Der wurdt foarearst neat dien tsjin de lûdsoerlêst fan 'e fjouwerbaansdyk A7 by Boalsert. Omwenners hawwe in protte lêst fan it ferkear tusken Boalsert en Snits.
Rykswettersteat hat it fersyk de snelheid fan 120 nei 80 werom te bringen ôfwiisd. In lûdsskerm is neffens de gemeente te djoer. Wol komme der ekstra beammen tsjin de skeante fan 'e A7. Dat hat neat mei it lûd te krijen. It giet om herplant foar omkapte, sike ipen.