Europeeske Taledei yn stedhûs

24 sep 2009 - 10:16

De Europeeske Dei fan 'e Talen wurdt sneon fierd yn Ljouwert mei in iepen dei fan it âlde stedhûs. Ferskate Fryske taalorganisaasjes litte harre dêr sjen. Mar it giet net allinnich om it Frysk. Sa is der bygelyks ek in demonstraasje Sineeske karakters skriuwe en wurde der ferhalen út Afganistan ferteld. Fierder is der muzyk yn it Bilts en Stellingwerfs.

De Europeeske Taledei is in inisjatyf fan 'e Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 alle jierren hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)