New York betanket Fryslân

Gouverneur David A. Paterson fan de steat New_York hat Fryslân yn in brief betanke foar de besite fan de provinsjale delegaasje oan New_York. Paterson skriuwt dat er ûnder de yndruk wie fan de Frisian_Day en de oare Fryske aktiviteiten.
Heal septimber kamen 350 Friezen en Amerikanen by elkoar op Governor´s Island yn New_York. Se stiene stil by 400 jier freonskipsbannen tusken New_York en Nederlân. Der wie ûnder oare in lyts Oerolfestival.