Fusearre korporaasje is Elkien

23 sep 2009 - 16:34

Wenningboukorporaasjes Welkom en Nieuw Wonen gean fierder as Elkien. Sûnt begjin juny binne beide organisaasjes fusearre. De haadkantoaren yn Boalsert en Ljouwert binne ferfongen troch ien haadkantoar op It Hearrenfean. De nije namme is keazen om't de wurden elkenien en elk ien yn sitte.

Elkien ferhiert 18.000 wenten yn njoggen gemeenten, bygelyks yn Ljouwert, Boalsert, Snits en Drachten. Der wurkje 120 meiwurkers by de organisaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)