Plan foar mar by Aldegea

23 sep 2009 - 16:18

By Aldegea yn Smellingerlân moat in mar komme. Dat wolle provinsje en gemeente om't it goed wêze soe foar de rekreaasje, as ekstra wetterberging en der komt nije natuer.

De nije mar komt foar in grut part op it lân fan feehâlder Kooi. Hy is mei de provinsje yn ûnderhanneling oer de ferkeap fan 60 bunder grûn. In soad boeren binne net te sprekken oer de nije mar. De ynwenners fan it doarp koenen tiisdeitejûn har miening jaan oer it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)