Aksje om Hevien te hâlden

23 sep 2009 - 15:15
  • Aksje om Hevien yn Nederlân te hâlden

Yn Dokkum wie woansdei in aksje om foar te kommen dat de Syryske Hevien (11) it lân útset wurdt. De Rotterdamske skoaldirekteur Bravenboer en syn blauwe tuk-tuk diene Dokkum oan om't Hevien dêr yn it azc berne is.

Bravenboer fiert aksje om't Hevien en har famylje útprosedearde asylsikers binne. De skoalle fan it famke wol dat foarkomme. De skoaldirekteur giet mei de tuk-tuk alle plakken bydel dêr't it gesin wenne hat. Minsken koene in hanteken sette om de aksje te stypjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)