Net bouwe oan strânpaviljoen

De bou leit oant april stil
De bou fan it strânpaviljoen by De Lemmer leit seker oant april takom jier stil. Neffens Wetterskip Fryslân hat de gemeente Lemsterlân net genôch technyske ynformaasje jûn oer bou fan it paviljoen. Boppedat wurdt yn it stoarmseizoen boud en dat is neffens it wetterskip ûnferantwurde.
Woansdei hat der noch oerlis west tusken de gemeente en it wetterskip, mar dat hat neat opsmiten. It giet om in projekt fan fjouwer miljoen euro.