Kloosterweg moat feiliger

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf sil mear wurk meitsje fan in feiligere Kloosterweg tusken Elslo en Appelskea. Dat hat de wethâlder tasein oan de bewenners fan de dyk. Dy hiene yn in lilke brief de gemeente frege om aksje.
Op de Kloosterweg binne wol gauris ûngelokken. Twa wike ferlyn kaam dêrby noch in frou om it libben. Har dochter fan tolve jier rekke swier ferwûne. De gemeente kundige earder al maatregels oan, mar der is noch neat fan te fernimmen.