Ferfelende Feanster oppakt

23 sep 2009 - 10:31

In man (33) fan It Hearrenfean is tiisdeitenacht yn dat plak oanhâlden om't er in plysje mishannele hat. De man siet yn in kafee en wie ferfelend.

Plysjes fregen him om fuort te gean. Dat die de man ek, mar doe't de plysjes him bûten it kafee fregen om him te legitimearjen, waard de man wer ferfelend. By syn oanhâlding besocht er him te fersetten en skopte er ien fan de plysjes tsjin it liif. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)