Ielfiskers meie net fiskje

22 sep 2009 - 23:14

Ielfiskers meie fan takom wike woansdei ôf twa moannen lang net oan it wurk. De Twadde Keamer stimde tiisdei foar it plan fan minister Verburg fan LNV fan in fangstferbod tusken 1 oktober en 30 novimber.

Der hat in soad te dwaan west oer it ferbod. De beropsfiskers ferwite de minister 'ûnbehoarlik bestjoer' om't se ynformaasje achterhâlden hawwe soe foar de Europeeske Kommisje. Ek in alternatyf needplan fan de fiskers sels fûn by har gjin gehoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)